Hierferheging sporthal falt min

06 des 2004 - 13:30

It ferheegjen fan de hier fan sporthal De Trije pakt foar Frjentsjerteradiel min út. Dat tinkt Siemen Vaas fan sealfuotbalklup Frjentsjer. Krekt as alle oare gebrûkers fan de hal moat de klup fan augustus ôf tritich prosint mear hier betelje.

De gemeente besiket mei de ferheging fan de hier wat te dwaan oan syn minne finansjele sitewaasje. Neffens Vaas komme de ferienigs yn jildpine en sille se beslute De Trije minder te brûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)