Mishanneling op 'e Lemmer

06 des 2004 - 10:47

De plysje hat sneintenacht twa manlju út De Lemmer oanholden. De twa, in man fan 21 en ien fan 22, hiene yn in kafee oan de Koartestreek in portier mei in glês stutsen. Ek hiene se in oare meiwurker fan it kafee mishannele.

Yn it kafee wie om ûnbekende reden spul ûntstien. De twa meiwurkers wiene dêr op ôf gien. Doe't se har mei de rúzje bemuoiden, waarden se mishannele troch de twa fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)