Terpstra by CNV wei

© Omrop Fryslân
Doekle Terpstra sil net lang mear it fakbûn CNV liede. Dat hat er snein ferklearre yn it programma Buitenhof. Neffens Terpstra, ôfkomstich fan Wytmarsum, is twa terminen as foarsitter moai genôch.
'Oar jier bin ik 25 jier by it CNV, dat is in moai momint om wat oars te dwaan,' sa sei Terpstra. Begjin dit jier oppenearre Terpstra him al as gadingmakker foar de boargemasterspost yn Tilburg.