Fryske radio wer goed te hearren

05 des 2004 - 13:56

De ûntfangstproblemen fan Omrop Fryslân radio binne foar it grutste part oer. De stjoerder gie freed fan de mêst yn Smilde werom nei Jirnsum. Twa jier lyn krige Omrop Fryslân Radio de frekwinsje 92.2 tawiisd. Sûnt dy tiid waard ek útstjoerd fia Smilde.

Yn de omkriten fan Appelskea, Easterwâlde en Donkerbroek is de ûntfangst op dit stuit min. Dat wurdt gau ferholpen om't it fermogen fan de stjoerder opfierd wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)