Sint noch hieltyd populêr

© Omrop Fryslân
Sinteklaas is noch tige populêr. Dat blykt út in ûndersyk fan it NIPO. Ek dit jier wie de beurs fan de hillichman wer grutter as oare jierren. Gemiddeld hat Sinteklaas per húshâlden 130 euro útjûn, in tientsje mear as ferline jier. Benammen de elektroanyske kadootsjes binne populêr.
Dit jier binne der 9,5 miljoen kilo pipernuten, marsepyn en sûkeladeletters ferkocht. Dat is fjouwer ton mear as ferline jier.