Bedriging advokaten gelykbleaun

04 des 2004 - 17:47

De advokaten fan it buro Anker en Anker yn Ljouwert fiele har no net mear bedrige as 6 jier lyn. Dat seit Tjalling van der Goot fan dat kantoor yn reaksje op in lanlik ûndersyk. Dêrút docht bliken dat advokaten hieltyd faker it slachtoffer binne fan geweld en bedrigings.

40% fan de ûnderfrege strafrjocht- advokaten is it ôfrûne jier bedrige. Van der Goot makket ûnderskied tusken bedrigings yn en bûten de rjochtbank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)