F-16's nei Baltyske steaten

04 des 2004 - 15:49

F16-gefjochtsfleantugen fan Ljouwert befeiligje takom jier it loftrom fan de trije Baltyske steaten. Litouwen, Estlân en Letlân krije de stipe fan de fleanbasis om't se sûnt maart lid binne fan de NAVO en gjin eigen loftmacht ha.

De F-16's krije as taak it ûnderskeppen fan fertochte fleantugen. De Ljouwerters wurde stasjonearre op in fleanbasis yn Litouwen. Yn jannewaris moat dúdlik wurde wannear't de piloaten útstjoerd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)