Net folle boetes by kontrôle

04 des 2004 - 15:30

De plysje hat freedtejûn en -nacht 420 blaastesten ôfnommen by in grutte alkoholkontrôle yn it noardeasten fan de provinsje. Oan de kontrôle hawwe 30 plysjefunksjonarissen meidien mei 18 auto's. It wie in saneamde ridende kontrôle troch it hiele distrikt; de gemeentes Dantumadiel, Dongeradiel, Achtkarspelen, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel.

Fan alle kontrolearde automobilisten hawwe úteinlik 9 in boete krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)