Minder fytsen stellen yn Harns

© Omrop Fryslân
Yn Harns is it tal oanjeften fan fytsestellerij de ôfrûne tiid mei 40 prosint weromrûn. Dat komt troch in fytsslotte-aksje dy't de plysje Harns in maaie en juny hâlden hat.
By in oantal fytsehannelers koene Harnzers foar in legere priis hiele sterke slotten keapje. Mei dy slotten is it mooglik in fyts bygelyks oan in peal of beam fêst te meitsjen. It liket derop dat de aksje fertuten dien hat.