Needsaak flitspeal oantoane

04 des 2004 - 12:53

It Iepenbier Ministearje stelt strangere easken oan it pleatsen fan flitspeallen yn Fryslân. Dykbehearders krije inkeld tastimming foar pleatsing as se oantoane kinne dat feilichheid fan it ferkear dermei befoardere wurdt.

De nije rjochtline fan it Iepenbier Ministearje moat in wyldgroei fan flitspeallen yn de provinsje keare. Yn Drachten binne al flitspeallen fuorthelle om't de gemeente de needsaak net oantoane koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)