CDA stelt fragen oer wurkleazens

04 des 2004 - 12:27

It CDA Ljouwert stelt fragen oan it kolleezje oer de wurkleazenssifers foar it Noarden. Ut in rapport docht bliken dat de wurkleazens yn it Noarden flugger tanimt as yn Nederlân. Yn de noardlike provinsjes sil de wurkleazens yn 2005 oprûn wêze oant 10 prosint. Yn de rest fan it lân is dat 7 prosint.

It CDA wol witte oft B en W de sifers kenne. Ek wol de partij witte watfoar maatregels yn Ljouwert nommen wurde om groei fan wurkleazen tsjin te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)