Definsje wol skûtels by Boerum

© Omrop Fryslân
By Boerum moatte tweintich nije satellytskûtels komme, sa wol it Ministearje fan Definsje. De earsten soene takom jier al pleatst wurde moatte by it besteande KPN-park.
De ôfharkskûtels soene earst by Sâltkamp komme, mar de ynwenners wolle dat net. De saak leit no by de Ried fan Steat. Foar Definsje is Boerum in goed alternatyf. De gemeente Kollumerlân hat gjin beswier tsjin de skûtels by Boerum.