Omropradio werom op âlde stee

04 des 2004 - 10:09

Omrop Fryslân Radio sit fan freed ôf wer op 'e stjoerder Jirnsum. Dêrmei moatte de ûntfangstproblemen yn it noardwesten fan 'e provinsje oer wêze. Harkers hoege de radio net oars yn te stellen, want de frekwinsje bliuwt 92.2.

Twa jier ferlyn moast de Omrop ferhúzje nei de stjoerder Smilde. Troch de minne ûntfangst, benammen op de eilannen, drige de Omrop net oan 'e funksje fan rampestjoerder foldwaan te kinnen. Dat is no foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)