Skipfeartmuseum keapet tsjerke

04 des 2004 - 10:01

It Frysk skipfeartmuseum yn Snits hat de frijmakke griffermearde tsjerke oan it Lytssân kocht. It museum wol de tsjerke brûke foar útstallings. Oer de krekte ynfolling wol museumdirekteur Ten Hoeve no net mear kwyt.

De tsjerkegongers sille op âldjierjûn ôfskie nimme fan 'e tsjerke mei in fakkeltocht. De frijmakke Snitsers sille tenei tsjerkje yn 'e kristlik griffermearde tsjerke fan Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)