Dûbeld betelje by Parnas

© Omrop Fryslân
Goed seishûndert klanten fan muzykskoalle Parnas yn Ljouwert binne de dupe fan in flater fan 'e Friesland Bank. Trochdat der wat misgie mei de ôfskriuwings hat de bank twa kear de jierlijkse kontribúsje foar de muzyklessen ôfskreaun De bank hat de flater tajûn en is ûnderwilens drok dwaande om it jild werom te stoarten. De ferwachting is dat de beneidielden it jild moandei wer op 'e eigen rekken hawwe.