Utbuorrens net mear anonym

© Omrop Fryslân
Utbuorrens yn de gemeente Kollumerlân krije fan takom jier ôf nammeboerden. Boargemaster en wethâlders wolle dêr 13.000 euro foar útlûke. Fyftjin buorskippen gean dan tenei net anonym troch it libben.
De doarpsbelangen hawwe om de buorden frege. It giet ûnder oare om Krabburen by Mûntsjesyl, de Kolk by Warfstermûne en Ter Lune by Kollum. De earste buorden krije takom jier in plakje. Yn 2008 moat it klear wêze.