Yllegale hûnekennel sloopt

© Omrop Fryslân
De gemeente It Bilt hat tongersdei in yllegaal bousel yn Sint Anne sloopt. It gie om in hûnekennel by in hûs oan 'e Hesselinkstrjitte en in oerkaping foar de auto, boud sûnder fergunning. Jierrenlang hat de gemeente de bewenner frege de bousels ôf te brekken, mar hy woe net. By deselde man binne okkerdeis tsien pitbulls en xtc-pillen yn beslach nommen. De gemeente sil oare yllegale bouwers ek hurder oanpakke.