'Kanjers yn de sport' útein set

03 des 2004 - 10:02

Treners fan sportferienings moatte by bern net allinnich út wêze op prestaasjes. In jeugdtrener moat ek each ha foar teloarstelling, konflikten en faaleangst by bern. Om dat te berikken organisearret Sport Fryslân op 20 plakken workshops foar jeugdtreners.

It projekt hjit 'Kanjers yn de sport'. It ryk betellet de earste 20 workshops. Mar omdat de fraach noch folle grutter is, siket Sport Fryslân nei mear jild foar noch mear workshops.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)