Eigen bewenners ride te hurd

02 des 2004 - 17:30

It binne benammen de eigen bewenners dy't te hurd ride yn de doarpen. Dy konklúzje lûkt ferkearsfeiligens- organisaasje 3VO nei ûndersyk yn Noardeast-Fryslân.

3VO hat op 26 plakken yn 18 doarpen de snelheid fan de auto's kontroleard. Dat barde mei radarguns yn ûnopfallende auto's. 80 prosint fan de minsken dy't te hurd ride yn in 30 kilometersône, komt út de eigen omjouwing. De doarps- belangen binne frege aksje te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)