Biltske priis foar Gé Postma

© Omrop Fryslân
De Biltske kultuerpriis giet dit jier nei frou Gé Postma-Postma fan Sint Anne. Frou Postma set har al jierren yn foar de Biltske kultuer en taal. Sa skriuwt se ferhalen en gedichten en hat se har bot ynset foar it Biltsk wurdboek. Ek hat se toanielstikken oerset yn de streektaal.
De priis wurdt op 9 desimber oan frou Postma oerlange troch de wethâlder. De priis bestiet út 350 euro en in oantinken.