Väyrinen en Haarala dochs mei

01 des 2004 - 23:14

De fuotballers Mika Väyrinen en Hannu Haarala binne woansdeitemoarn gewoan meireizge mei SC Hearrenfean nei Kroatië. Hearrenfean spilet dêr tongersdei yn it ramt fan de UEFA Cup tsjin Dinamo Zagreb.

Haarala en Väyrinen wiene fanwege blessueres twifelgefallen. Ut in lêste test die lykwols bliken dat se dochs fit genôch binne om mei te dwaan. Arnold Bruggink is wol thús bleaun. Hy hat noch lêst fan in ferrekte spier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)