Stripferhaal leit bystânswet út

© Omrop Fryslân
Fjouwer Fryske gemeenten wolle mei in strip feroarings yn 'e bystânswet bekendmeitsje. De gemeenten hawwe in boekje útbrocht mei in soad plaatsjes en sels in pear stripferhalen om nije saken ûnder it omtinken te bringen.
Sa feroaret de kontrôle op de wet, it oanfreegjen fan in útkearing en de poseduere fan it sykjen nei wurk. Gemeenten dy't meidogge binne: Eaststellingwerf, Skarsterlân, Weststellingwerf en It Hearrenfean.