'Heffing BV Sport net terjochte'

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert besiket alles om de belestingtsjinst te oertsjûgjen dat de btw-neiheffing foar BV Sport net terjochte is. It kolleezje fan B&W hat de belestingynspekteur frege subsydzje oan BV Sport te sjen as ynkommen.
Yn dat gefal soe de neiheffing op de omsetbelesting ferfalle. Mooglik moat BV Sport hast 5 miljoen euro oan de fiskus betelje, oer de jierren 1999 oant en mei 2004. It sportbedriuw kin dan fallyt reitsje.