Advys: fjoertuorren net slute

© Omrop Fryslân
Der is te min ûndersyk dien nei de werklike risiko's fan de skipfeart foar de Waadsee. Dat skriuwt de Raad voor de Wadden yn in advys oan de Twadde Keamer. It kabinetsbeslút om de fjoertuorren fan Amelân en Texel te sluten, moat neffens de ried weromdraaid wurde om skippen goed yn de gaten hâlden te kinnen.
De Raad advisearret dat de Waadakademy net te grut wurde moat en dat de ûnderdak krije moat by de Raad.