VVD noed oer status Waadsee

© Omrop Fryslân
De Steatefraksjes fan de VVD yn Fryslân en Grinslân ha noed oer de Waadsee. Se skriuwe dat oan de steatssekretaris fan Ferkear en Wettersteat. Se meitsje har soargen oer it takennen fan de status natuerlik wetter oan de Waadsee. Dat bart mooglik yn it ramt fan ynfiering fan de Europese Kaderrichtlijn Water.
Dêrmei wurde hege ekologyske easken oan it wetter steld. Neffens de VVD-ers wurdt te min rekken hâlden mei ekonomyske aktiviteiten yn it gebiet.