Mooglik hegere lêsten wetterskip

30 nov 2004 - 12:00

Lesteferheging of lytsere reserves. Dêr moat it algemien bestjoer fan it wetterskip dit jier út kieze. Ut de begrutting foar 2005 docht bliken dat de lêsten mei sa'n fiif prosint omheech moatte. Dat komt per húshâlding del op 10 oant 20 euro mear yn it jier.

It wetterskip hat acht miljoen euro oan reserves. It âlde deistich bestjoer woe it dûbele oan reserves ha. It nije bestjoer wol mooglik minder reserves ha om sa de lesteferheging te beheinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)