Wytmarsum krijt boartersbad

30 nov 2004 - 09:37

By swimbad Mounewetter yn Wytmarsum is moandei begûn mei de bou fan in wetterboartersplak. It giet om in bassin mei allegear gatten dêr't wetter útkomt en in lytse glydsbaan dy't neist it besteande bad oanlein wurdt.

It boartersplak moat hast 180 tûzen euro kostje. De ynvestearring is opfallend om't de measte iepenloft- swimbaden yn Fryslân troch besunigings slute of grutte finansjele tekoarten ha. It boartersbad wurdt maaie iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)