Reboelje yn ried Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
Yn Boarnsterhim driget in bestjoerskrisis. De gemeenteried giet net akkoart mei it foardragen fan akkountant Galama fan Grou as plakferfangend lid fan de riedskommisje foar kolleezjepartij Gemeentebelangen.
De oare partijen fine dat der te folle sprake is fan belangeferstringeling by Galama. Galama hat in funksje by de BV Grou dêr't de gemeente oandielhâlder fan is. Galama en syn partij hâlde lykwols fêst oan de kandidatuer.