Boarst jaan yn bernedeiferbliuw

© Omrop Fryslân
By it bernedeiferbliuw SKL Kinderopvang BV yn Ljouwert kinne wurkjende memmen dy't ûnder wurktiid boarstfieding jaan wolle, tenei terjochte yn in spesjale romte. It bedriuw tinkt dat der in soad ferlet is fan sa'n romte.
SKL Kinderopvang hat mei-elkoar 16 bernedeiferbliuwen. De nije service wurdt foarearst allinnich oanbean yn de opfanglokaasje It Kabouterhuis. Dêr ferbliuwe in soad bern fan âlden dy't tichtby wurkje yn kantoaren by it FEC.