Woodbrookers yn oare hannen

29 nov 2004 - 13:20

It hotel en konferinsjeoard Woodbrookers yn Koartehimmen wurdt oernommen troch de Stebogroep fan de Ljouwerter makelder Boomsma. It kongressintrum Post Plaza en it Van Sminia Huys yn Ljouwert, en it kongressintrum en de cateringservice fan Vreewyk yn Drachten meitsje ek diel út fan de Stebogroep.

Koartehimmen bliuwt yn gebrûk foar kursussen, trainingen en kongressen. By de Stebogroep wurkje 70 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)