Race foar sinne-enerzjyboaten

29 nov 2004 - 12:42

De provinsje Fryslân wol yn 2006 in race organisearje foar boaten op sinne- enerzjy mei lanlike útstrieling. Dat nei foarbyld fan in bekende Australyske sinne-enerzjyrace oer lân: de World Solar Challenge. De boaten sille oer de Swette fan Ljouwert nei Snits farre fia de saneamde Middelseerûte.

It projekt moat kombineard wurde mei Friesland Vaart en is bedoeld om de technologyske ûntwikkeling fan duorsume enerzjy in ympuls te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)