Moddergat twadde moaiste plak

29 nov 2004 - 11:29

Moddergat is it op ien nei moaiste plak fan Nederlân. Dat is de útkomst fan it NCRV-televyzjeprogramma 'De mooiste plek van Nederland', dat sneontejûn te sjen wie op Nederlân 1. Moddergat moast it ôflizze tsjin de Weerribben, mar einige foar de Lauwersmar.

Der koe stimd wurde op tolve plakken, út elke provinsje ien. Earder al hiene de sjoggers fan it programma bepaald dat Moddergat it moaiste plak fan Fryslân wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)