De Jouwer ferliest fan Be Quick

29 nov 2004 - 11:18

Haadklasser De Jouwer hat sneintemiddei mei 2-0 ferlern fan Be Quick yn Grins. De Jouwer krige wol kânsen yn dizze wedstriid, maar kaam net ta skoaren. Sa krige Anne Hornstra in moaie kâns yn de earste helte. Dêrút kaam noch in corner, mar dy levere neat op.

Willem Lanjouw makke yn de 25e minút de 1-0 foar Be Quick. Reinout Haak fan De Jouwer krige 11 minuten foar tiid in kâns, mar skoarde net. Yn blessueretiid makke Bart van der Meulen de 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)