Groep soarget foar oerlêst
De plysje yn Snits hat yn de nacht nei snein in soad lêst hân fan in groep fan 20 man. De problemen begûnen doe't twa plysjes besochten in man in boete te jaan foar wyldpisjen. De man naaide út, mar de plysje krige him op de Kerkgracht dochs te pakken.
Dêrnei bemuoide de hiele groep him mei de saak. In man út Skearnegoutum waard oppakt en moast mei nei it buro. De groep gong lykwols mei nei it buro en sloech dêr tsjin de ruten.