Nijenhuis tredde op 1500 meter

© Omrop Fryslân
De Amerikaan Chad Hedrick wûn sneon de 1500 meter by de World Cup yn Thialf. Simon Kuipers waard twadde yn 'e persoanlike rekordtiid fan 1.47'31". Beorn Nijenhuis waard tredde: 1.47'38". Mark Tuitert en Erben Wennemars enigen as achtste en njoggende.
Tuitert klokte 1.47'89", wrâldkampioen sprint Wennemars hie 1.48'02" nedich. Carl Verheijen ried ûnder syn nivo. Hy waard tolfde yn 1.49'11".