Gemeentehûs folle djoerder

27 nov 2004 - 11:58

It nije gemeentehûs fan Dongeradiel is folle djoerder útfallen as earst tocht. Dat docht bliken no't alle rekkens betelle wurde moatte. It gemeentehûs yn Dokkum is freed offisjeel iepene.

Ut neiberekkenings docht bliken dat der 6 ton mear útjûn is as it doel wie. De gemeenteried bepaalde trije jier lyn dat it 9,3 miljoen euro kostje mocht. Op it gemeentehûs wurdt no besjoen hoe't it tekoart ûntstean koe en wa't dêrfoar ferantwurdlik is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)