Oanhâldings foar hakekrusen

27 nov 2004 - 09:51

De plysje hat trije jonges út Dokkum en ien út Dantumadiel oanhâlden foar it bekladderjen fan Skoallemienskip Piter Jelles yn Dokkum en foar fernielerij. De jonges fan 15, 16 en 17 jier hawwe geregeld spul mei Londalejongerein. Mei de hakekrusen op de skoalle woene se dy op in minne namme sette.

De plysje seit dat de oanhâlden fjouwer gjin rassistyske achtergrûn hawwe. De fjouwer hawwe ûnderwilens bekend. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)