At Home: gjin ynternet

26 nov 2004 - 17:46

Mei de ynternetferbining fan Essent wiene freed grutte swierrichheden. Minsken dy't de ôfrûne 24 oeren harren kompjûter en modum útlogd ha kinne gjin tagong mear krije ta it ynternet. It giet om in nasjonale steuring.

Yn Fryslân hat At Home inkelde tsientûzenen oanslutings. It telefoannûmer fan 'e helpdesk wie freed oerbelêste en ûnberikber. Essent besiket om it probleem noch foar it wykein te ferhelpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)