IIstiidmuseum stiet faai

© Omrop Fryslân
De plannen foar in iistiidmuseum yn De Krûdhôf yn Bûtenpost stean faai. De stifting dy't it plan ûntwikkele hie, hie rekkene op provinsjejild. Mar der komt lykwols gjin subsydzje fan 'e provinsje.
It museum op it terrein fan 'e botanyske tún is ornearre foar in kolleksje prehistoaryske stiennen. Foarsitter Kloosterman fan de stifting fynt it in blamaazje dat de provinsje it plan net stipet.