Dales: lit sweeftrein mar sitte

26 nov 2004 - 12:34

Boargemaster Dales fan Ljouwert sjocht gjin heil yn de sweeftrein. Salang't in helikopterpendeltsjinst mei de Rânestêd net fan de grûn komt, is der ek gjin ferlet fan. Der is dochs al fierste lang praat oer in rappe ferbining. Dales die syn útspraken op in temajûn oer wenjen en wurkjen fan de Ljouwerter Business School en de Thorbecke Academie. De boargemaster hat him yn Amsterdam jierren mei de Noard-Súd-Line dwaande hâlden, dy't no oanlein wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)