Busreis oer Heineken-ûntfiering

© Omrop Fryslân
De Jouwer hie hast in krusiale rol spile by de ûntknoping fan de ûntfiering fan biermagnaat Heineken yn 1983. Dat seit Sjerp Jaarsma fan Balk. Hy organisearret snein in busreis nei plakken dy't fan belang wiene by de Heineken-kidnap.
De reis giet ek oer De Jouwer. Dêr soe it losjild oerladen wurde yn in oare auto. It ferhaal dêroer sil snein ferteld wurde troch de plysjeman dy't mei it losjild troch it lân ried.