Jonkje (11) mishannelet frou

© Omrop Fryslân
In jonkje fan 11 jier hat woansdei yn Harns in frou fan 71 mishannele. De frou woe it jonkje oanhâlde doe't se seach dat er yn in winkel wat meinaam sûnder te beteljen.
De frou gie achter it jonkje oan en besocht him yn in steech fêst te pakken. It jonkje bûgde doe de tomme fan de frou om en sloech har tsjin it boarst. Ek besocht er har te biten. It jonkje koe letter oanholden wurde mei twa freontsjes dy't ek stellen hiene.