IIsferiening Thialf 150 jier

26 nov 2004 - 09:51

De foarsitter fan NOC-NSF, Erica Terpstra, hat tongersdei it earste eksimplaar yn ûntfangst naam fan it jubileumboek fan de 150 jier besteande keninklike iisferiening Thialf. Sy krige op It Hearrenfean it boek fan foarsitter Wiebe Wijnja.

Thialf hat syn bekendheid benammen te tankjen oan it organisearjen fan de wedstriden op iisbaan Thialf. Eartiids wie de iisklup der om alle aktiviteiten op it iis te organisearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)