Soad ynteresse foar 'Impulse'

26 nov 2004 - 09:47

De belangstelling foar de nije skoalfoarm 'Impulse' fan skoallemienskip Piter Jelles is folle grutter as ferwachte. Op de earste ynformaasjejûn kamen 500 âlden en bern ôf. Der wiene mar 150 minsken ferwachte.

De nije skoalle foar fuortset ûnderwiis set yn augustus 2005 út ein op it plak fan Piter Jelles De Vierhoek yn Ljouwert. It giet om in soarte fan digitale skoalle dêr't learlingen folle minder yn de klasse sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)