Wâlskanten Boarn wurde opknapt

© Omrop Fryslân
Yn Aldeboarn is woansdei in begjin makke mei it opknappen fan de wâlskanten fan de Boarn, alteast it lêste part dêrfan. De doarpsbewenners ha der jierren op wachtsje moatten, om't it jild foar doarpsfernijing hieltyd yn oare doarpen bestege waard.
De wâlskanten binne noch yn de jierren '50 oanlein. It wurk kostet mei inoar twa miljoen euro. De opknapbeurt is nedich, om't it wetter op guon plakken noch mar kwalik opkeard wurdt.