Kofje-automaten yn bushaltes

25 nov 2004 - 10:19

Ferfiersmaatskippij Connexxion sil fan july ôf yn guon bushaltes kofje-automaten pleatse. It giet om haltes op line 315, dy't fan Grins, fia Drachten en It Hearrenfean nei Lelystêd rydt. Connexxion wol mei de automaten de service oan de reizger ferbetterje.

Oft der neist kofje en tee aanst ek koeken te keap binne, is noch net wis. De ferfierder wol earst sjen oft de apparaten fandalismebestindich binne. In bakje kofje sil sa'n 80 sint kostje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)