Beatrix iepenet Museum Belvédère

25 nov 2004 - 09:56

Keninginne Beatrix hat woansdei Museum Belvédère by Oranjewâld iepene. Se die dat troch in skilderij fan Jan Mankes op in skildersezel te setten. Belvédère is it earste Fryske museum foar moderne en hjoeddeiske keunst. Direkteur en konservator Thom Mercuur is beneamd ta ridder yn de Orde van Oranje-Nassau.

Neist it museum iepene de keninginne ek Museumpark Landgoed Oranjewâld by It Hearrenfean. It museum leit op it histoaryske bûten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)