Skier: noch gjin grinskorreksje

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach bliuwt foarearst foar in part yn hannen fan de provinsje Grinslân. It grutste part fan it eilân heart by Fryslân, mar om't it eilân opskoot nei it Easten, is it foar in part yn Grinslân te lizzen kaam.
Fryslân hat no mei Grinslân ôfpraat om it eastlik diel fan it eilân oan te keapjen. Skiermûntseach wegeret no lykwols om 46.000 euro oan Eemsmond yn Grinslân te beteljen. De grinskorreksje kin dêrtroch net op 1 jannewaris yngean.