BSO mei wol yn sintrum Mantgum

© Omrop Fryslân
De gemeente mei yn it sintrum fan Mantgum wol in bûtenskoalske opfang delsette. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. Buertbewenners fan de Fearhústerhoeke hiene beswier oantekene tsjin de komst fan de opfang, de BSO, om't se benaud binne foar gefaarlike ferkearssituaasjes.
Yn de Fearhústerhoeke meie aanst lykwols gjin auto's mear ride. De BSO sit noch yn it multyfunksjoneel sintrum yn Mantgum, mar groeit út syn jaske.