Parsepriis foar Karel Helder

© Omrop Fryslân
Wethâlder Karel Helder fan de gemeente Wûnseradiel is winner wurden fan de Fryske Parsepriis 2004. Helder fertsjinnet de priis neffens de sjuery om't er him opsmiten hat as hoeder fan útprosedearre asylsikers.
'Helder hat him as in moderne Grutte Pier ynspand foar dy kânsleazen, en hy hat dat dwers tsjin de tiidgeast yn dien', sa stiet yn it sjueryrapport. Helder krijt de priis no sneon op it Parsebal útrikt.